Sneon 13 september de 59ste Lytse PC yn Mantgum
Mar de Lytse PC is net allinnich bysûnder troch syn prizen, ek troch syn winners. Gauris wienen it keatsers dy’t letter namme makken yn it grutte spul. Tink oan mannen as Sake Saakstra, Germ Okkinga, Coos Veltman, Jacob Wassenaar, Cornelis Terpstra en Rutmer van der Meer. Bysûnder is de partij de leste jierren troch de útrikking fan de Janse Bokaal. In supporterspriis ynstelt troch de keatsers sels en dy’t útrikt wurdt oan in trouwe besiker fan harren wedstriden. Moai is ek de manier werop ôfskie nimmende keatsers de lêste jierren dizze dei yn it sinsje setten wurde. Tasprutsen troch ien fan de keatsers wurde hichte en djiptepunten yn harren karriêre noch efkes oanhelle. Piet Zondervan, haadbesjoerslid fan de KNKB, sil dizze dei de prizen fan it jierklassemint 1e klasse útrikke. Net bysûnder mar earder ferneamd is it feest nei ôfrin. Want de Lytse PC is ek de útsetter fan it keatseizoen. Noch ien kear wurdt it lichem skrep setten en alles op alles setten. Dêrnei kin de mof yn it fet oant de oare maaitiid. Nei ôfrin is it tiid foar ôfskie en feest. Dizze kear mei de ûndertusken yllústere JELLE B. In muzikant dy’t yn koarte tiid syn namme festige hat as ien dy’t de hiele keet op ‘e kop set. De tagong ta sawol it keatsen as it feest nei ôfrin fan de priisútrikking is fergees. Topkeatsen sjen, in grandioas feest meibelibje: dan net stinne en gean op sneon 13 septimber nei Mantgum.
Geplaatst op 10 September 2008